De Teksaanske Unôfhinklikheidsoarloch, soms ek wol de Teksaanske Revolúsje neamd, wie in oarloch yn 1835 en 1836, wêrby't de provinsjeTeksas himsels losskuorde fan it gruttere steatsferbân fan Meksiko. Dit konflikt waard foarôfgien troch in almar fierder tanimmende ymmigraasje fan Ingelsktaligekolonisten nei Teksas, dy't ôfkomstich wiene út 'e oanbuorjende Feriene Steaten. De nijynkommelingen hiene frijwol neat gemien mei de Meksikanen, en nei in perioade fan oprinnende spannings briek yn oktober1835 in opstân út.
De Meksikaanske presidint Antonio López de Santa Anna joech sels lieding oan in militêrefjildtocht om 'e rebûlje del te slaan, en brocht de Teksanen dêrby yn 'e neite fan San Antonio in gefoelige nederlaach ta yn 'e Slach om 'e Alamo. Underwilens fersloech generaal José de Urrea de Teksanen oan 'e Golfkust yn 'e Goliad-kampanje. Nei in weromtocht dy't bekend kaam te stean as de Runaway Scrape, wist Sam Houston de Teksanen te wergroepearjen, wêrnei't se it Meksikaanske leger yn 'e Slach oan de San Jacinto oer it mad kamen en fersloegen. Dêrby waard Santa Anna kriichsfinzen nommen, wat neitiid late ta de Ferdraggen fan Velasco, dy't de fêstiging fan 'e ûnôfhinklike Republyk Teksas mooglik makken.
... in krammerke in bûgd stikje metaaltried is, dat brûkt wurde kin om stikken papier byelkoar te hâlden sûnder dêrfoar gatten yn it papier te meitsjen?
Besikers kinne mei de Temasiden sjen hokker siden wy fan beskate tema's hawwe. Mei de Kwissipedy kinne besikers op in boartlike wize yn 'e kunde komme mei de ynhâld fan de Wikipedy.
Sjoernalisten dy't wat witte wolle oer de Wikipedy kinne sjen by Parse.
Nije skriuwers kinne altyd Meidwaan, mar dêrfoar binne wol wat lytse Regels. Begjinnende skriuwers kinne better earst sjen hoe't hja Ienfâldich begjinne kinne.
Alle siden fan de Wikipedy falle ûnder de GNU Iepen Dokumintaasje Lisinsje. De ynhâld is iepenbier en mei ûnder de lisinsjebetingsten frij ferspraat wurde.
The article is a derivative under the
Creative Commons Attribution-ShareAlike License.
A link to the original article can be found here and attribution parties
here.
By using this site, you agree to the Terms of Use.
Gpedia Ⓡ is a registered trademark of the Cyberajah Pty Ltd.